Priis foar B&B Peasens-Moddergat

08 nov 2005 - 10:42

It bêd-en-brochje Lytshuis Zilver yn Peasens-Moddergat hat de B&B-priis 2005 wûn. De priis wurdt alle jierren útrikt troch in stichting dy't karakteristike bêd-en-brochje-adressen stimulearret en troch it Nederlands Bureau voor Toerisme en Congressen.

Dy organisaasjes hawwe yn it geheim in besite brocht oan Lytshuis Zilver en wiene dêr sa oer te sprekken dat it bêd-en-brochje in loovjend rapport en sadwaande ek de priis krige.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)