Minder wurk by Eneco Dokkum

08 nov 2005 - 10:25

By enerzjybedriuw Eneco yn Dokkum moatte acht minsken nei oar wurk omsjen. Foar de measten wurdt in oare funksje socht yn it bedriuw. Mooglik dat in pear wurknimmers har baan ferlieze, seit direkteur Geelhoed.

By Eneco binne minder minsken nedich troch ferskowing fan funksjes. Geelhoed ferwachtet de kommende tiid net dat Eneco bot ynkrimpe moat. By de festiging yn Dokkum wurkje op dit stuit sa'n 90 minsken.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)