Noch gjin oanjefte fia ynternet

© Omrop Fryslân
Friezen kinne noch gjin oanjefte dwaan fia ynternet, wylst dat yn it grutste part fan Nederlân wól kin. Fryslân heart by de fjouwer fan de 26 plysjeregio's dy't achter rinne op dit mêd.
Dit wykein is in lanlike kampanje begûn om digitale oanjefte te promoaten. Mar minsken yn Fryslân moatte oant de maaitiid wachtsje. Net earder as dan kinne ynbraken of stellerij fia de kompjoeter oan de plysje meld wurde.