Boek oer it Bilt oanspield

07 nov 2005 - 20:35

It earste eksimplaar oer de ûntsteansskiednis fan it Bilt is sneon oanspield op it Amelân. It boek 'Een Uytland gheheten Bil' waard freed presintearre. De skriuwer Leen Ferwerda smiet it doe fan de Lange Dam by Westhoek ôf yn de Waadsee.

Strânjutter de Jong fûn it boek by Nes. De Jong wist dat it boek yn it wetter smiten wie en wie der op útgien om it te finen. Hy sil it oanbiede oan it juttersmuseum op it Amelân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)