Privee-parkearplak foar Verbeek

© Omrop Fryslân
Hearrenfean-trener Verbeek hat snein fan FC Grins-supporters in privee-parkearplak oanbean krigen. De supporters hiene in plakje by de haadyngong fan it Abe Lenstra stadion ôfsetten mei lint. Dit om dúdlik te meitsjen dat der mar ien parkeare mocht en dat parkearwachters út de buert bliuwe moasten.
Verbeek soe in skoft lyn by de wedstryd Grins-RBC de oanwizings fan in parkearwachter fan Grins negeard hawwe.