Sint Jabikspaad opknapt

07 nov 2005 - 11:03

It Fryske diel fan it Jabikspaad wurdt foar tweintichtûzen euro opknapt. Der wurde nije ynformaasjebuorden en paadwizers pleatst en ek komme der ferspraat oer de rûte fyftich Sint Jabiksappelbeammen.

De opknapbeurt wurdt betelle út de opbringsten fan de ferkeap fan Jabiksgidsen en jild fan sponsors. It Jabikspaad is in âlde pylgrimsrûte tusken Sint Jabik en Santiago de Compostela yn Galisië yn Spanje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)