Iepen dei by ien Frysk relaxhûs

06 nov 2005 - 14:34

It wie sneon iepen hûs by de 20 relaxhuzen yn Noard-Nederlân. Dêrmei woene de útbaters sjen litte dat de saken yn seksklubs wól goed regele binne. Yn Fryslân die mar ien klub mei, dat wie De Huifkar yn Aldeberkeap.

De iepen dei is in reaksje op in rapport fan De Rode Draad, it fakbûn fan prostituees. Dy seit dat der yn de seksyndustry in protte mis wêze soe. Yn De Huifkar koene belangstellenden rûn sjen en prate mei de famkes.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)