Tom Kok keazen as AVRO-baas
De ferieningsried fan omrop AVRO hat sneon de 47-jierrige Tom Kok út Snits keazen as foarsitter fan it nije bestjoer.
Kok wie earder foarsitter fan D66. Ek wurke er by ABN/Amro en Achmea en wie er direkteur fan fersekeringsbedriuw FBTO. Tom Kok is op it stuit ek aktyf as ynternet-ûndernimmer.