Alkoholkontrôle yn Ljouwert

06 nov 2005 - 13:04

Yn it ramt fan in lanlike alkoholkontrôle binne freedtejûn en -nacht yn Ljouwert in grut tal autobestjoerders kontrolearre. Op tolve plakken yn it sintrum stiene de plysjes te kontrolearjen, lykas by de Oostergowei en it Fliet.

Njoggentjin plysjeminsken ha yn aksje west. Dêrby dielde 3VO noch sleutelhingers út. In tsiental minsken hat proses-ferbaal krigen fanwege te folle drank.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)