Ynbraak op It Hearrenfean

05 nov 2005 - 17:01
Foto: Omrop Fryslân

Yn in wenning oan de Dopheide op It Hearrenfean is freedtejûn ynbrutsen. De dieven binne binnenkaam troch de doar fan it balkon mei geweld te fernielen. Ut de wenning binne in tal djoere horloazjes stellen.

De technyske resjerzje sil fierder ûndersyk dwaan nei de stellerij. Ek sil der in buertûndersyk hâlden wurde.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)