Flyers winne fan Amsterdam
De iishockeyers fan Vadeko Flyers wûnen freedtejûn ferrassend de bekerwedstriid fan Amsterdam. It waard yn overtime 3-2 foar de Feansters. De Flyers kamen yn de earste perioade mei 2-0 achter, mar troch doelpunten fan Tyler Palmiscno, Marco Postma en Bradly Smulders wûnen de Flyers mei 3-2.
It is de twadde oerwinning foar Hearrenfean yn de bekerkompetysje. Snein spylje de Flyers thús tsjin Emperors út Nijmegen.
Trefwurden:
argyf