F-16's ûnderskeppe Boeing
Twa F-16's fan de Ljouwerter fleanbasis ha freed in Boeing 777 út de Arabyske Emiraten ûnderskept. De piloat hie gjin radiokontakt makke mei de ferkearslieding. Boppe de Noardsee kaam dat kontakt der wol en mocht de Boeing fierder fleane.
It is al de tredde kear yn twa wiken tiid dat F-16's fan de saneamde Quick Reaction Force yn aksje komme.