PvdA Snits wol mear aktiviteiten

05 nov 2005 - 14:05

De gemeente Snits moat jild beskikber stelle foar aktiviteiten yn de wiken en strjitten yn de stêd. Dat fynt de PvdA yn de gemeenterie fan Snits. Mei de aktiviteiten moat it mienskipsgefoel yn de wiken en strjitten werombrocht wurde.

Neffens de PvdA is dat mienskipgefoel der op dit stuit net mear, trochdat minsken hieltyd mear op harsels libje. De PvdA wol dat de gemeente Snits buertaktiviteiten finansjeel stipet.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)