CDA stipet museumplan ek

© Omrop Fryslân
CDA en PvdA yn Provinsjale Steaten binne foar it beskikber stellen fan jild foar it nijste Fries Museumplan fan deputearre Bertus Mulder. Goed fiif miljoen euro moat komme út Europeeske subsydzje. De provinsje moat oer dat lêste bedrach fluch in beslút nimme, oars ferfalt it bedrach.
It CDA hat noch wol oanfullende easken oangeande it nije museum. De partij wol dêroer yn in letter stadium mei de deputearre oer prate.