Slaanderij op it Hearrenfean

© Omrop Fryslân
Russyske supporters fan CSKA Moskou en Fryske fans fan sportklub Hearrenfean binne foar de UEFA-kupwedstryd mei inoar op de fûst gien. Dat barde yn in kafee oan de Oude Koemarkt.
Russyske en Feanster supporters krigen spul yn it kafee, wêrnei't de Russen de ruten ynsmieten en mei fjoerwurk goaiden. Twa CSKA-supporters binne oppakt. It kafee hat in bulte skea oprûn. De wedstryd op it fjild einige yn 0-0.