Deadlik ûngelok yn Surhústerfean

04 nov 2005 - 14:19

In 34-jierrige ynwenner fan 'e Harkema is yn de nacht fan tongersdei op freed om it libben kaam by in ûngelok yn Surhústerfean. It slachtoffer ried yn syn auto oer de Warrebosleane en gie yn in bocht nei rjochts, rjochttroch. De man waard út de auto slingere.

Hy waard mei de ambulânse oerbrocht nei it sikehûs yn Grins. Dêr is de man letter oan syn ferwûnings ferstoarn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)