Jonkje Skylge slim ferwûne

04 nov 2005 - 14:18

In jonkje fan seis jier is tongersdei ferwûne rekke op Skylge. It slachtoffer fytste oerde dyk doe't in automobiliste samar de doar fan har parkearre auto iepen die. De jonge fytste om de auto hinne en gie ûnderút. Hoe't dat barre koe, is noch ûndúdlik.

It jonkje hie ferskate ferwûnings en waard mei de traumahelikopter oerbrocht nei it UMCG yn Grins.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)