Manlju oppakt nei tsjûge-oprop
De plysje hat tongersdei in 23-jierrige ynwenner fan Lutjegast en in Snitser (22) oppakt foar de mishanneling fan in 28-jierrige man út Snits.
It slachtoffer waard op 8 oktober yn syn wenplak yn elkoar slein troch in groepke jongerein en rûn ûnder mear in dûbele kaakbreuk op. De plysje koe de manlju oanhâlde nei in tsjûge-oprop. Se hawwe ûndertusken bekend dat sy meidien hawwe oan de mishanneling.
Trefwurden:
argyf