Unike skilderingen yn Martenahûs

04 nov 2005 - 12:58

Yn it Martenahûs yn Frjentsjer binne unike 18e ieuske paneelskilderingen oan it ljocht kaam. Dat wie by in kleureûndersyk yn de skilderijenkeamer. Museum It Coopmanshûs dat yn desimber yn it Martenahûs komt, woe witte hokker kleur de romte oarspronkelik hie.

By it fuortheljen fan de boppeste farvelaach kaam de âlde skildering foar it ljocht. It is foar it earst dat sa'n skildering yn Nederlân fûn wurdt. It is noch ûnbekend wat dermei barre sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)