Swier ferwûne man spoarleas

© Omrop Fryslân
In swier ferwûne man is spoarleas ferdwûn út it sikehûs. De Appelskeaster fan 38 jier waard yn july slein mei in taffelspoat troch in oare man. Se wiene mooglik ûnder ynfloed fan drank en drugs.
De fertochte (56) moast tongersdei foar de rjochter ferskine, mar de saak gong net troch. Omdat it slachtoffer net te finen is, mist der in folslein medysk dossier. De fertochte wurdt poging ta deaslach ferwiten.