Frou fêstbûn en kealskeard

04 nov 2005 - 10:40

In frou (24) út Dokkum is ferline wike moandei mishannele troch in man út Driezum en in frou út Dokkum (beide 31 jier). Se hawwe de frou yn har wente op in stoel fêstbûn en har dêrnei frisdrank jûn mei in middel wêrtroch't se út de tiid rekke. Dêrnei hawwe se har de holle kealskeard.

It soe gean om in wraakaksje yn de relasjonele sfear. Justysje nimt de saak heech op. De twa wurde fertocht fan poging ta deaslach.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)