Grutte anty-terrorisme-oefening

04 nov 2005 - 08:12

Definsje oefenet dizze moanne yn Fryslân, Grinslân en Drinte hoe't terroristen oanpakt wurde moatte. Twa ienheden moatte boargerdoelen befeiligje dy't troch sabeare- terroristen oanfallen driigje te wurden. Wat dy doelen binne, wurdt oant it lêste moment ta geheim hâlden.

By de oefening binne spesjale ienheden út sân lannen belutsen. Dy sammelje ynljochtings en skeakelje doelen út. De oefening is tusken 21 en 25 novimber.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)