Groepsbehanneling yn sikehûs

04 nov 2005 - 05:51

It Antoniussikehûs yn Snits is mei in nije behannelwize foar pasjinten mei in nije heupe of knibbel út ein set. Se wurde no yn groepen behannele, want se knappe dan gauwer op.

De pasjinten komme foar de operaasje al mei-inoar yn de kunde. Se leare dan hoe't se op krukken rinne moatte. Nei de operaasje krije se mei elkoar fysioterapy. Alle jierren is der romte foar fjirtich fan dit soart groepsbehannelings yn Snits.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)