Basisfersekering 1038 euro jiers

© Omrop Fryslân
De basisfersekering by de Friesland Zorgverzekeraar kostet 1038 euro yn it jier. Dat is oant no ta de goedkeapste yn Nederlân. Oare foardielige maatskippijen lykas Fortis en Agis sitte op 1050 euro.
Neffens foarsitter Feenstra fan de ried fan bestjoer fan De Friesland is de lege priis gjin trúkje om oan mear klanten te kommen. De prizen fan de oanfoljende fersekeringen lizze wat heger as no it gefal is.