Bou doarpshûs Aldwâld kin los

03 nov 2005 - 12:18

It nije doarpshûs yn Aldwâld krijt 30.000 euro fan it Oranjefonds. Dêrmei kin de bou sa goed as út ein sette. Om it nije doarpshûs hat in skoftlang in soad te dwaan west. Guon doarpsbewenners binne net bliid mei it plak njonken de kristlike skoalle.

It pjutteplak krijt ek ûnderdak yn it nije doarpshûs. Sawat fyftich doarpelingen tinke dat de pjutten dan letter ek allegearre nei de kristlike skoalle gean sille.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)