Molke Friesche Vlag út winkel

03 nov 2005 - 11:07

Friesland Foods hellet in diel fan de healfolle Friesche Vlagmolke yn pakken fan oardel liter út de hannel. Der sit skjinmakmiddel yn de molke. Dat komt troch in flater yn it fabryk yn Nijkerk. Neffens Friesland Foods is der gjin gefaar foar de folksûnens.

It giet om pakken mei de hâldberheidsdatum fan 7-11 en koade NLZ 0055 en 6-11 mei koade NLZ 0050. Klanten kinne it jild weromkrije as se datum en koade útknippe en opstjoere.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)