Beima giet nei Eurogifts

03 nov 2005 - 10:00

Hurdfytser Marcel Beima rydt yn it nije seizoen foar de ploech Eurogifts. Beima komt fan Hurdegaryp en is krekt 22 jier wurden.

Beima hie wol fierder kinnen by de Löwik-formaasje, mar by de nije ploech út Brabân kin er in grutter ynternasjonaal programma ride. Sa steane der wedstriden yn België, Frankryk en Spanje op it programma.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)