Help by grutbringen bern

© Omrop Fryslân
Alden yn Ljouwert dy't swierrichheden hawwe mei it grutbringen fan bern, kinne help krije op kosten fan de gemeente. De gemeente Ljouwert hat dêr 370.000 euro foar krigen fan it Ryk.
Der wie al sa'n regeling foar minsken mei bern oant fjouwer jier. De stipe is der no ek foar minsken dy't bern oant tolve jier grutbringe moatte. Neffens wethâlder Hafkamp fan Ljouwert is der ferlet fan sokke stipe.