Winkels Kral/Objektief iepen

© Omrop Fryslân
Klanten fan de fallite fotosaken fan Kral en Objektief krije fannewike mear te hearren oer de iepenstelling fan de winkels, no freed. De klanten kinne dan tusken tsienen en trijen yn de winkels terjochte om har guod op te heljen. It giet dan bygelyks om foto's of guod dat repareard wurde moast.
Net alles kin fuortendaliks meinaam wurde. Der leit noch fotomateriaal by in ûntwikkelsintrale en oar guod by reparateurs.