Plan foar heit en mem op it hiem

© Omrop Fryslân
De gemeente Dantumadiel makket in plan om it mooglik te meitsjen dat âlders yn de takomst by harren bern op it hiem wenje. Dat hat de ried besletten. It idee komt fan de ChristenUnie. De gemeente sjocht no nei de juridyske aspekten en komt begjin takom jier mei in definityf plan.
De ChristenUnie woe mei it foarstel ynspylje op de tendins dat hieltyd mear âlderen faker en langer yn fertroude omjouwing bliuwe wolle.