Fryske âlderein gelokkiger

03 nov 2005 - 09:32

Fryske bejaarden binne minder iensum en gelokkiger as leeftiidsgenoaten yn oare provinsjes. Wol is de Fryske befolking mear fergrize. Yn Nederlân is 14 prosint fan 'e befolking 65 jier of âlder, yn Fryslân is dat 15 prosint. Dat blykt út ûndersyk fan ûnder mear de provinsje.

Dat Fryske âlderen minder iensum binne, soe komme omdat se sûner libje en in grut sosjaal netwurk ha, bygelyks troch it dwaan fan frijwilligerswurk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)