'Direkteur Enna moat opstappe'

03 nov 2005 - 09:29

Fakbûn CNV hat direkteur Trost fan Enna Aerosols yn Dokkum frege op te stappen. Trost hat it bedriuw de ôfgrûn yn wurke neffens it fakbûn. It spuitbussefabryk sit yn grutte swierrichheden. Foar 70 fan de 95 minsken wurdt ûntslach oanfrege.

As de banken net akkoart gean mei it plan, is dat de ein fan it fabryk, sa seit de direksje. Mar dy direksje moat no mar ris by himsels te riede gean, fynt it fakbûn.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)