Grutte Waadkonferinsje op Skier

© Omrop Fryslân
Aksjefierders en bestjoerders wiene woansdei op Skiermûntseach te finen by in ynternasjonale waadkonferinsje. Twa dagen lang wurdt dêr praat oer de takomst fan it Waad. Ien fan de fragen is oft it gebiet op de wrâlderfguodlist komme moat.
De aksjefierders fine dat belangrike ûnderwerpen op 'e aginda ûntbrekke. Ek de Waadferiening is skeptysk. Neffens har tinke de dielnimmende lannen allinnich mar oan harren eigen belangen.