Verbeek feroaret opstelling net

03 nov 2005 - 08:53

Trener Gertjan Verbeek fan de Sportklub Hearrenfean bringt tongersdei tsjin CSKA Moskou deselde spilers yn it fjild as ôfrûne freed tsjin Ajax. Dat betsjut dat Derveld op 'e nij it plak ynnimt fan Jeroen Drost.

Tongersdei is de twadde wedstriid yn de groepsfase fan it UEFA Cup toernoai. De Feansters moatte nei it lykspul tsjin Dinamo Boekarest benammen yn it eigen Abe Lenstra stadion de punten pakke. CSKA wûn ferline jier de UEFA Cup.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)