Boeren helje enerzjy út dong

© Omrop Fryslân
Der binne wol twahûndert boerebedriuwen yn Fryslân dy't enerzjy helje wolle út dong. Dat is de útkomst fan in ûndersyk yn opdracht fan de provinsje.
De fergisting fan dong mei oanfullend organysk materiaal kin de boeren in soad opsmite. Boerebedriuwen yn Fryslân kinne yn de takomst mooglik wol 277 miljoen kilo-Watt yn it jier oan elektrisiteit produseare. Dat is genôch elektrisiteit foar 67.000 húshâldens.