Dien mei afterparty's Ljouwert
Der binne gjin afterparty's mear mooglik yn Ljouwert. De gemeente hat besletten dat horeka-bedriuwen mei frije slutingstiden yn de takomst moarns tusken seis en acht oere ticht wêze moatte. Ljouwert wol sa ekstreem drank- en drugsgebrûk tsjingean.
Fierder is besletten dat shoarmasaken en oare ytgelegenheden der nei trije oere nachts noch wol nije besikers ynlitte meie. Sy meie dan gjin alkohol ferkeapje.
Trefwurden:
argyf