Steatsboskbehear knapt dunen op

02 nov 2005 - 09:56

Steatsboskbehear sil in grut part fan de dunen op Skylge en Flylân opknappe. Op Skylge giet it om 2000 bunder en op Flylân om 540 bunder. De gebieten hawwe bot te lijen fan ûnder oare ferdroeging en fermesting. De opknapbeurt makket diel út fan it grutste dúnherstelprojekt fan Steatsboskbehear. Dêrby wurde op acht plakken yn Nederlân de dunen oanpakt. It projekt duorret acht jier en kostet mei-elkoar 5 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)