Nije Fonejachtbrêge yn gebrûk

© Omrop Fryslân
De ferdûbeling fan de Wâldwei tusken Ljouwert en Drachten is wer in stapke tichterby kommen. It ferkear kin tiisdei foar it earst oer de nije Fonejachtbrêge. It giet dan om de nije noardlike brêge. De súdlike moat noch boud wurde en as dy klear is, is de brêge fjouwerbaans.
By it Langdiel wurdt ek noch wurke oan in akwadukt. Dêrfoar is in 23 meter djip gat fan 800 by 200 meter makke. Yn 2008 moat de hiele Wâldwei klear wêze.