Ierdappels sprute troch waarmte
Fryske bouboeren moatte gau begjinne mei de ferwurking fan ierdappels. Troch it waarme waar fan de ôfrûne tiid is it dreger om se goed te bewarjen. It risiko bestiet dat se begjinne te spruten. It gefolch is dat de ierdappels dan net te ferkeapjen binne. Boppedat nimt de kâns op syktes ta.
Troch trije kear yn de wike de ierdappels te sortearjen bliuwt de temperatuer itselde en nimt de kâns op spruten ôf.