Cambuur oan râne ôfgrûn

02 nov 2005 - 00:00

De Friesland Bank hat ekstra jild beskikber steld foar Cambuur. Dêrmei kin it lean fan spilers en meiwurkers oer de moanne oktober betelle wurde. As de bank dat net dien hie, dan wie fallisemint oanfrege.

Fierder is woansdei bekend wurden dat der ynkoarten in nije direkteur komt. Dy krijt fiergeand foech, fergelykber mei in bewâldfierder. De direkteur wurdt nei foaren skood troch de KNVB, dy't Cambuur safolle mooglik helpe sil.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)