Iepen dei sekshuzen

© Omrop Fryslân
Twa Fryske sekshuzen dogge sneon mei oan de Noardlike iepen dei yn de relax-bransj. It binne De Huifkar yn Aldeberkeap en Club Aphrodite yn Snits. De Feriening Eksploitanten Relaxbedriuwen wol sa sjen litte dat der near mis is mei harren clubs.
Neffens fakbûn foar prostituees De Rode Draad soe yn Fryske bordelen twongen prostitúsje en frouljushannel foarkomme. De iepen dei is benammen bedoeld foar bestjoerders en politisy.