Harkema: winkels tichterby-inoar

© Omrop Fryslân
Op de Harkema is in nij plan presintearre foar de winkels yn it doarp. In wurkgroep fan Pleatslik Belang hat dêr ideeën foar oanlevere yn in takomstfisy foar it doarp. Sa soene de winkels tichterby-inoar komme moatte te lizzen yn de omkriten fan in grutte supermerk.
Behalve Pleatslik Belang fynt ek de gemeente Achtkarspelen dat er wat barre moat mei de winkels. Oars soene se skielk wolris ferdwine kinne.