Waadeilannen sjogge oer de grins

01 nov 2005 - 15:47

De Nederlânske, Deenske en Dútske Waadeilannen moatte better gearwurkje. Dêrta is oare wike in konferinsje op de Dútske Waadeilannen Norderney en Spiekeroog. Sawat fjirtich ûndernimmers sille dêr prate oer yntensivearjen fan de gearwurking, mar ek ûnderfinings útwikselje. Neffens direkteur Smit fan de VVV It Amelân moat it Waadgebiet as gehiel better foar it fuotljocht brocht wurde, ek mei it each op de Wrâlderfguodlist.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)