Fertrouwen bou moat werom komme

01 nov 2005 - 14:46
Foto: Omrop Fryslân

It fertrouwen tusken de partijen yn de bou moat wer werom komme. Dat is de opdracht dy't de Noordelijke Regieraad Bouw op him nommen hat.

Nei de opskuor oer priisôfspraken tusken boubedriuwen en de parlemintêre enkête oer de boufraude is it betrouwen tusken oerheid en opdrachtjouwers en boubedriuwen oan de oare kant skeind. Moandei sette de Regieraad dêrom offisjeel útein. Kommissaris Alders fan Grinslân is foarsitter.

Trefwurden: 
argyf
(Advertinsje)
(Advertinsje)