Hieltyd minder greidefûgels

01 nov 2005 - 14:22

It tal greidefûgels lykas ljippen en skriezen is yn de ôfrûne fjouwer jier folle hurder werom rûn as der oannommen waard. Ut sifers fan it Centraal Buro voor de Statistiek docht bliken dat fan 2000 oant 2004 der jierlijks in weromgong wie fan 4,5 persint. Yn de 10 jier derfoar wie dat 1,2 persint.

Ut it ûndersyk docht ek bliken dat it hiel min giet mei de ljurk en de piipljurk. Dizze soarten driigje folslein út it fjild te ferdwinen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)