Pallas Hotel hat nije eigner

© Omrop Fryslân
It fallite Pallas Hotel yn Snits hat in nije eigner. It echtpear Klemkerk út Ljouwert hat freedtemiddei oerienstemming berikt oer de oername fan it hotel.
In moanne lyn waard it hotel fallyt ferklearre en waard der socht nei in nije eigner. Mei de oername sil it hotel ek in nije namme krije: Amicitia Hotel Sneek. It is noch net dúdlik hoefolle fan de 40 personielsleden har wurk behâlde kinne.