Opskuor oer stik grûn It Amelân

© Omrop Fryslân
Op It Amelân is opskuor oer it stik grûn dêr't hoarekagruthannel Edes op stiet. B en W ha de grûn kocht om der huzen del te setten. Probleem is dat it kolleezje dat dien hat sûnder it beslút fan de gemeenteried ôf te wachtsjen.
De gemeenteried hie it kolleezje frege te wachtsjen mei de oankeap. Dat is tasein, mar no is de grûn wol kocht. De gemeenterie fynt dat it sa net kin. Wethâlden IJnsen hat syn ekskuzes oanbean oer de gong fan saken.