Stipe oan Noarden ek nei 2006

01 nov 2005 - 10:44

It Noarden krijt tusken 2007 en 2010 noch 120 miljoen euro fan Den Haach as regionale stipe. Dat skriuwe minister Brinkhorst en steatssekretaris Van Gennip oan de Twadde Keamer.

Van Gennip wol nei 2006 ophâlde mei de besteande ynvestearringspremyregeling, de IPR. Neffens de Twadde Keamer is der yn it Langman-akkoart foar dy perioade lykwols wol jild tasein. Van Gennip skriuwt dêrop dat it Noarden rekkenje kin op 115 oant 120 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)