Centric mei Oranjewâld oernimme
De NMA hat de oername fan it ingenieursbureau Oranjewâld troch it automatisearringsbedriuw Centric goedkard. Dat bestjut dat de oername fan Oranjewâld no definityf is. De oandielhâlders krije meiinoar 48 miljoen euro foar harren oandielen.
De bedoeling is dat Oranjewâld ek yn 'e takomst selsstannich operearje sil. By Oranjewâld wurkje 1600 minsken. It bedriuw hat in omset fan 182 miljoen euro.