Ferlies foar Jong Heerenveen

© Omrop Fryslân
Jong Heerenveen ferlear moandeitejûn foar de twadde kear dit seizoen. Op Sportpark Skoatterwâld wûn jong NAC mei 1-0. De ploech út Breda, op it lêste plak yn de beloftekompetysje, makke it winnende doelpunt yn it begjin fan de twadde helte út in strafskop. Anouar Diba wie de doelpuntemakker.
Jong Heerenveen spile in minne wedstryd. De ploech fan trainer Henk Herder stiet no op it fyfde plak mei 12 punten út 8 wedstriden.